Foks fret tsientallen nêsten leech by Easterlittens

22 apr 2015 - 12:59

In foks hat yn it greidefûgelreservaat Skrins by Easterlittens in slachfjild oanrjochte. It rôfdier hat op 90 hektare alle nêsten fan greidefûgels leechfretten. It giet om de nêsten fan 100 ljippepearkes en 150 skriezepearkes.

Neffens Sander Veenstra fan Natuurmonumenten giet it om in mantsjefoks. It wyfke is earder al deasketten. Oft Natuurmonumenten de foks te pakken krije kin, is noch ûnwis. Se meie allinnich oerdeis jeie op de foks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)