Stellen scooter en fyts fûn by heler yn Oerterp

22 apr 2015 - 11:18

De plysje hat tiisdei in 45-jierrige man út Oerterp oanhâlden dy't fertocht wurdt fan heling. De man hie in bromscooter thús stean, dy't earder stellen wie yn Ljouwert. De eigener seach syn scooter op ynternet te keap stean en warskôge de plysje. Dy seach by de Oerterper ek noch in stellen fyts stean. De scooter en de fyts binne yn beslach naam. De Oerterper sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Oerterp heling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)