Hast gjin groei fan Fryske wenningmerk oant 2025

22 apr 2015 - 10:37

De wenningmerk yn Fryslân bliuwt de kommende tsien jier oan de romme kant. Yn fergeliking mei de rest fan Nederlân is de groei fan it oantal húshâldens leger, lykas it oantal húshâldens dat út ien persoan bestiet.

Dêrneist is de Fries gemiddeld âlder en lizze de ynkommens leger. Dêrtoch wurdt it trochstreamen nei in oar hûs dreger. De huzeprizen yn Ljouwert geane oant 2025 elts jier mei gemiddeld twa prosint omheech. De prizen yn Noardeast-Fryslân geane minimaal omheech.

Yn Súdwest-Fryslân komme stadichoan mear minsken te wenjen, wat geunstich is foar de wenningmerk. Dat docht bliken út sifers fan de ING.

Trefwurden: 
wenningmerk groei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)