Reedrydster Ireen Wüst begjint eigen ploech: Team4Gold

22 apr 2015 - 07:05

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean begjint har eigen ploech, Team4Gold. Mei dit team wol se tawurkje nei de Olympyske Spelen fan 2018 yn Súd-Koreä. Wüst sjocht op sportyf mêd in protte kânsen, omdat se de rezjy yn eigen hannen hâlde kin. Rutger Tijssen wurdt har trener en Gerard Kemkers krijt in advisearjende rol.

Saaklik sjoen is de oprjochting fan Team4Gold wol in risiko, sa tinkt de 29-jierrige reedrydster. "Der moatte noch sponsors socht wurde en it is de bedoeling dat de teamnamme feroaret, sadat der in sponsornamme yn komt."

De reedrydster gie earder fuort by it Team Continu fan coach Marianne Timmer. It team koe har net genôch stypje by it heljen fan har sportive doelen, sa fûn se. Under oaren it net traine kinnen mei manlike sporters wie in wichtige reden om Team Continu te ferlitten.

Ireen Wüst wol by de Spelen fan 2018 noch ien kear goud helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)