Rykswettersteat: earnstige ferkearshinder troch plysje-aksje

21 apr 2015 - 19:07

Ferkear út it Noarden dat woansdei rjochting de Rânestêd wol, moat rekken hâlde mei earnstige ferkearshinder. Dêrfoar warskôget Rykswettersteat. Oarsaak is de aksje dy't plysjeminsken hâlde foar in bettere CAO. Sy ride yn estafettefoarm fan Grinslân nei Limboarch. De aksje begjint om sân oere yn Grins en giet dêrnei ûnder oare oer de A7 en de A6.

Rykswettersteat hat de aksjefierders oproppen net stadiger as 70 kilometer yn de oere te riden en net stil te stean. De organisaasje set ekstra minsken yn om de sitewaasje yn 'e gaten te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)