Ekstra jild foar ferbettering kwaliteit fan wenjen

21 apr 2015 - 18:16

De provinsje stelt nochris hast sân miljoen euro beskikber foar it opknappen fan huzen yn Fryslân. It giet om in útwreiding fan de subsydzjeregeling Stêdlike Fernijing. Dy is bedoeld om besteande huzen oan te passen oan de easken fan de takomst. It giet dan ûnder oare om it enerzjysuniger meitsjen. De ôfrûne fjouwer jier waard der al 18,5 miljoen subsydzje beskikber steld.

It nije jild giet ûnder oare nei de Waadeilannen, ferbou fan it eardere suvelfabryk yn Garyp en ferbettering fan de wyk Lemstervaart op 'e Lemmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)