Swimbad De Gordyk krijt jild foar fêste badmaster

21 apr 2015 - 17:15

Swimbad De Delte op de Gordyk kin takom jier wer in meiwurker fêst yn tsjinst nimme. Op it stuit hat it swimbad noch genoch frijwilligers om takom seizoen iepenbliuwe te meien. Der moatten noch wol badmasters mei in diploma by. De gemeente stelt 7500 euro beskikber foar in badmaster dy't frijwilligers opliede kin ta badmaster.

De Delte giet op 2 maaie wer iepen. Oant no ta binnen der al 20% mear abonneminten ferkocht as ferline jier. De gemeente tink dat dat in goed foarteken is foar takom jier.

Trefwurden: 
De Gordyk De Delte badmaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)