Klokken yn toer fan Dronryp liede yn maaie wer
De klokken fan de Salviustsjerke yn Dronryp wurde begjin maaie wer offisjeel yn gebrûk naam. Ien fan de klokken, de Van Wouklok út 1493, is hielendal restaurearre en in oarenien is ferfongen troch twa lytsere. Dy klok wie flak nei de oarloch oankocht, omdat yn de oarloch ien fuorthelle wie. Mar dy oankochte klok klonk net goed by it lûd fan de grutte Van Wouklok. De twa nijere klokken wol.
De ôftanke klok is ferkocht oan in tsjerklike gemeente yn Lunteren.