Koudumer blomkoal offisjeel Frysk streekprodukt

21 apr 2015 - 15:28

Njonken it Koudumer Beantsje is no ek de blomkoal út Koudum in erkend Frysk streekprodukt. De blomkoal hat dêr offisjeel in sertifikaat foar krigen.

It doarp Koudum hat fan âldsher in fruchtber túnbougebiet dêr't benammen de blomkoal it goed docht. Dêr waard foarhinne in soad yn hannele. It doarp hie syn eigen feiling. De spesjale Koudumer blomkoal wurdt op it stuit ferboud troch it iennige túnboubedriuw dat it doarp no noch hat.

Trefwurden: 
Koudum streekprodukt blomkoal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)