Bakkers en Bear Boeloe diele 5700 stikjes oranjekoeke út

21 apr 2015 - 15:28

Fryske bakkers en Bear Boeloe ha ferline wike 5700 stikjes oranjekoeke útdield. Fanwege it 20-jierrich bestean fan de bear fan Skiermûntseach koene alle bern yn Fryslân fergees in stikje oranjekoeke helje by dielnimmende bakkers. Hast 60 ambachtlike bakkers diene mei oan de aksje fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei bakkerskoöperaasje Beko Nederland.

De ôftraap fan it feest wie ferline wike woansdei mei Bear Boeloe, dy't oranjekoeke útdielde yn Fryske sikehuzen. Yn maaie is der noch in Bear Boeloe-útstalling yn it gebou fan Omrop Fryslân.

Dêrneist is der noch in kleurplaatwedstriid, dy't ein dizze wike ôfrint. Mear ynformaasje dêroer is te finen op omropfryslan.nl/bearboeloe.

Trefwurden: 
Bear Boeloe oranjekoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)