Blessuere foar Van der Heide

01 mrt 2012 - 13:27

Sportklup Cambuur moat it freed yn de wedstriid tsjin Volendam dwaan sûnder oanfierder Sandor van der Heide. De middenfjilder hat in blessuere oan de boppeskonk oprûn. Ek Erik Bakker is foarearst net ynsetber, hy ûndergiet takom wike tongersdei in operaasje oan de knibbel om te sjen wat der mis is mei it gewricht. Mohamed El Makrini is skorst.

Léon Hese, Robert van Boxel en Oguzhan Türk kinne wer spylje en begjinne yn de basis. Keeper Marco Bizot sit foar it earst sûnt syn blessuere oan de hân wer op de bank.

Yn de spits krijt Mark de Vries wer de foarkar boppe Martijn Barto. De opstelling fan Cambuur: Te Loeke, Droste, Hese, Van der Laan, Vosselman, Takak, Van Boxel, Türk, Dissels, De Vries en De Leeuw.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)