Ruten ticht by Citotoets fanwege fleanoefening Frisian Flag

21 apr 2015 - 13:49

It meitsjen fan de Citotoetsen en de militêre fleanoefening Frisian Flag falle dit jier yn deselde wike. Foar guon basisskoallen yn de omkriten fan de Ljouwerter fleanbasis betsjut dat lûdsoerlêst.

Learlingen fan basisskoalle Oan 't Skipperspypke yn Koarnjum moatte dêr rekken mei hâlde. Sa hâlde se de ruten ticht om foar te kommen dat se te folle lêst hawwe fan it lûd fan de strieljagers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)