Fryske kaptein skrokken fan skipsramp

21 apr 2015 - 13:31

Kaptein Martin Remeeus is bot skrokken fan de skipsramp fan ôfrûne wykein. Yn 2011 makke hysels as kaptein ek in skipsramp mei flechtlingen mei. Yn de buert fan Grikelân trof er in boatsje oan mei goed 200 minsken dy't de oerstap besochten te meitsjen nei Europa. "Mayday Mayday" hearde er en se gongen derop ôf. In grut part waard rêden troch ûnder oare de help fan Remeeus, mar der kamen ek minsken by om. Hoefolle is noait dúdlik wurden.

Dit wykein kamen tusken de 500 en 800 minsken om. It skip kaam út Libië wei en wie ûnderweis nei Italië.

Trefwurden: 
Martin Remeeus skipsramp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)