Omrop TIP: VC Snits-Eurosped live op radio en tv

21 apr 2015 - 10:45

De fjirde wedstriid om de lânstitel by it follybal tusken VC Snits en Eurosped út Almelo is sneon 25 april live te folgjen by Omrop Fryslân. Der wurdt sawol op radio as tv ferslach dien. De stân tusken beide ploegen is no 2-1 yn it foardiel fan VC Snits. De ploech dy't as earste trije kear wûn hat wurdt kampioen.

Snits kin dus kommende sneon kampioen wurde yn eigen hûs. De wedstriid begjint om 19:30 oere. Mocht de winst nei Almelo gean, dan folget op snein 3 maaie de beslissingswedstriid yn Almelo.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Eurosped
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)