Ljouwert fokust op ynvestearrings op en oan it wetter.

20 apr 2015 - 16:29

De gemeente Ljouwert wol de kommende twa jier 1,4 miljoen euro ynvestearje yn wetterrekreaasje. Dat is moandei bekend makke by de presintaasje fan harren plan 'It Wetterfront'.

Plakken yn Ljouwert dy't oanpakt wurde, binne de kade by de Blokhúspoarte en de oanlisplakken by de Snekertrekweg. Ek komt der in trochstrek fan it Nije Kanaal neit it Vliet en binne der plannen foar in stêdsstrân. Mei de ynvestearring wol de gemeente it wetter en it wetterfront oantrekliker meitsje foar boatsjefolk, bewenners en toeristen.

De Prins Hendrikbrêge dy't boaten fan de eastlike farroute út tsjinhâldt, wurdt nei alle gedachten net meinaam yn de plannen. De brêge tagonklik meitsje foar hege boaten blykt te djoer. De gemeente wol dêr earst mear ûndersyk nei dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)