Swimbaden betinke nije lesmetoaden foar flot diplomaswimmen

20 apr 2015 - 15:42

Alden kinne wol roppe dat de swimles te lang duorret, mar it kostet ek in soad tiid om bern it swimmen te learen. Dat seit Piet Bakker fan it Keninklik Nederlânsk Swimbûn (KNZB) hjir yn it noarden. Alden kleie tsjinwurdich hieltyd faker dat it te lang duorret foardat de bern har swimdiploma helje.

Swimbaden springe dêrop yn troch nije lesmetoaden oan te bieden, lykas meardere lessen yn de wike, of de ynset fan de Ipad. Dêr kinne bern wilens de swimles ynstruksjefilmkes op sjen.

Dochs sille âlden akseptearje moatte dat it tiid kostet om de bern it swimmen goed te learen, seit Bakker. Dêr stiet meastentiids tusken de ien en oardel jier foar.

Trefwurden: 
KNZB diplomaswimmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)