Sander de Rouwe noch Twadde Keamerlid oant 19 maaie

20 apr 2015 - 15:09

CDA-er Sander de Rouwe hâldt op 19 maaie offisjeel op as Twadde Keamerlid. De oare deis ferwachtet er dan ynstallearre te wurden as deputearre fan de provinsje Fryslân. Dat sei er moandeitemiddei yn it radioprogramma Geert yn de Middei fan Omrop Fryslân.

De Rouwe hat dan dik acht jier keamerlid west. Mei it CDA wûn er yn maart de ferkiezings foar de provinsjale steaten. Syn partij ûnderhannelet op it stuit mei VVD, SP en FNP oer in nij kolleezje fan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)