NVWA hannele ferkeard by tydlike sluting feebedriuw Terherne

20 apr 2015 - 14:36

De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) jout ta dat se flaters makke hawwe by de tydlike sluting fan it feebedriuw fan Hendrik van der Meer fan Terherne yn 2013. De ynspekteur dy't it bedriuw op slot set hat, hie dat net dwaan meien sûnder de hantekening fan in liedingjaande, seit de NVWA.

Dy hantekening is nea set. Sûnt 1 jannewaris fan dit jier binne de regels feroare. Ynspekteurs fan de NVWA meie no sels tekenje sûnder dat der in liedingjaande oan te pas hoecht te kommen.

De NVWA hie it bedriuw fan Van der Meer op slot set omdat er te let wie mei it ynstjoeren fan DNA-meunsters. Dat wie nedich om't de kij van Van der Meer gjin earmerk yn ha. Van der Meer is dêr prinsipieel op tsjin, en dêrom moat er oan ekstra regels foldwaan. Earder neamde de rjochter de sluting fan it bedriuw fan Van der Meer al ûnwettich. Van der Meer wol no besykje om de belutsen amtners foar de rjochter te daagjen.

Trefwurden: 
Terherne NVWA feebedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)