Fryske jachtbouwer rint oarders mis troch oarloch Oekraïne

20 apr 2015 - 12:40

Lykas alle jachtbouwers yn Nederlân, rint ek Koninklijke De Vries Scheepsbouw yn Makkum oarders mis troch de oarloch yn Oekraïne. Troch de boykot, bestelle rike Russen gjin lúkse jachten mear yn Nederlân.

Dat kostet de Nederlânske skipsbouwers hûnderten miljoenen euro's. De Makkumer skipsbouwer kin de skea lykwols kompensearje, omdat it bedriuw al jierrenlang ynset op in brede ynternasjonale klantekring. Dat belied docht no fertuten, want de oarderportefúlje fan De Vries is fol.

De dik trije hûndert wurknimmers yn Makkum hoege dan ek net yn te sitten oer har baan, seit Farouk Nefzi fan de Makkumer skipsbouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)