Trije tsjûgen fan ynbraak fersoargingshûs heard troch plysje

20 apr 2015 - 11:47

Trije tsjûgen fan de ynbraak sneontenacht yn it fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert ha har by de plysje meld. In nachtsuster trapearre trije ynbrekkers dy't 'pistola, pistola' rôpen. De bot skrokken frou warskôge in kollega en tegearre sleatten se harsels op yn de kapel.

De susters warskôgen de plysje, mar dy hat de ynbrekkers net mear sjoen. De plysje hat de saak yn ûndersyk. Derby wurde ek bylden brûkt fan befeiligingskamera's. Foar de froulju is slachtofferhelp ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)