Sândepot 'Hege Diken' by Burgum wurdt yn oardel jier opromme

20 apr 2015 - 11:23

It hast sechstich jier âlde sândepot 'Hege Diken' oan de eastkant fan Burgum wurdt opromme. De 140.000 kúb sân dy't dêr leit wurdt brûkt foar ynfrastrukturele projekten yn de omjouwing.

Ien fan de grutte ôfnimmers is de Sintrale As. Allinnich al foar it oan te lizzen fiadukt tusken Quatrebras en Feanwâlden is sa'n 25.000 kúb sân nedich. It sil oant ein 2016 duorje foardat al it sân fuort is. De 'Hege Diken' sil dan troch Steatsboskbehear ynrjochte wurde as natuergebiet.


Trefwurden: 
Burgum sândepot Hege Diken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)