Jubileum foar fakânsjeplak Ronald McDonald Hoeve foar bern

20 apr 2015 - 08:26

It is moandei fiif jier lyn dat de Ronald McDonald Hoeve, in fakânsjeplak foar sike en beheinde bern, de doarren iepene yn Beetstersweach. De Hoeve is in plak dêr't de bern, mei tank oan spesjale foarsjennings mei harren famylje útfanhûs kinne.

Bysûnder is dat de Hoeve gjin subsydzje krijt, mar allinnich op sponsorjild en sa'n sechstich frijwilligers draait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)