Rjochtsaak oer supermerken yn Veemgebou Drachten

20 apr 2015 - 06:10

Fêstguodbedriuw Breevast stapt nei de rjochter om dúdlikheid te krijen oer in fergunning dy't se oanfrege ha om supermerken te bouwen yn in earder Philips-pakhûs yn Drachten. Breevast is eigener fan it Veemgebou oan de Tussendiepen dêr't Albert Heijn en Aldi graach in grut filiaal yn fêstigje wolle.

De gemeente Smellingerlân wol net meiwurkje oan it plan. Dy is benaud foar negative gefolgen foar winkeliers yn it sintrum. De gemeente hat lykwols gjin beslút naam oer de fergunningsoanfraach wylst dat by wet binnen acht wiken moat.

Dêrmei is de gemeente akkoart gien mei de oanfraach. Dy hie binnen twa wiken publisearre wurde moatten, mar dat is net dien. Breevast wol no dat de rjochter hjir in útspraak oer docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)