Follybalfroulju Snits noch gjin lânskampioen

19 apr 2015 - 19:32

De follybalfroulju fan Snits binne der snein noch net yn slagge om it lânskampioenskip te pakken. Yn de tredde wedstriid tsjin Eurosped yn Almelo ferlearen de Snitser froulju mei 3-1. Snits begûn poerbêst en pakte de earste set ienfâldich mei 25-15. Yn de twadde set kaam Eurosped mei 25-19 op likense hichte. Ek de tredde set waard in proai foar de Almeloërs mei 25-21.

Yn de fjirde en lêste set makke Eurosped maklik dien wurk mei 25-16. Dêrmei komt de ûnderlinge stân yn de 'best of five' op 2-1, yn it foardiel fan de Snitser follybalfroulju.

Kommende sneon nimme de Snitser follybalfroulju it thús op 'e nij op tsjin Eurosped. Yn eigen hal kin de ploech fan coach Petra Groenland mei in oerwinning it lânskampioenskip nei 23 jier wer pakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)