Lanlike museumwike ek yn Fryske musea

19 apr 2015 - 16:47

Sa'n fjirtich musea yn Fryslân ha de hiele wike lang ekstra aktiviteiten en aksjes. It eardere museumwykein duorret dit jier langer, nammentlik in wike. Doel fan de museumwike is om safolle mooglik minsken nei de musea te lûken.

Tema dit jier is it 'ús echte goud', alle musea kinne har pronkstikken ekstra omtinken jaan. De museumwike duorret oant en mei 26 april.

Trefwurden: 
museumwike Fryske musea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)