De Bazuin wurdt tred yn earste divyzje op ONFK

19 apr 2015 - 12:06

CMV De Bazuin út Tsjummearum is sneontejûn mei 90 punten tred wurden yn de earste divyzje op it ONFK yn Drachten. Tsien fanfare-orkesten strieden om it earste plak yn De Lawei. Kunst na Arbeid út Lunteren helle mei 93 de measte punten. Twad waard Muziekvereniging Concordia út it Limburchske Meterik mei 90.67 punten.

Elk orkest spile it wurk Aragorn fan Hardy Mertens. Trije sjueryleden beoardielen de útfiering. De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen wienen freed en sneon.

Yn de earste divyzje stienen ek de Jouster Fanfare, Fanfare Eendracht Maakt Macht út Aldegea (SWF) en Fanfare Joost Wiersma út Jistrum. De Jouster Fanfare waard fyfde (87.5 punten), EMM waard sechsde mei 87.33 punten en fanfare Joost Wiersma behelle in achtste plak mei 86 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)