Fytstunnel by de Alvestêdewyk yn Frjentsjer pleatst

19 apr 2015 - 11:52

Yn Frjentsjer is sneontejûn de nije fytstunnel pleatst by de Alvestêdewyk. Foar de wurksumheden is in part fan it spoar fuorthelle en binne damwanden pleatst. De tunnel ûnder it spoar troch makket in ferbining tusken it sintrum fan Frjentsjer en de nije Alvestêdewyk. Bewenners hoege hjirtroch net mear om te fytsen.

Troch de wurksumheden ride dit wykein gjin treinen tusken Harns en Ljouwert. Der wurde bussen ynset. Ein dit jier kinne de bewenners gebrûk meitsje fan de tunnel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)