Lamkesdei by skiepskoai yn Bakkefean

19 apr 2015 - 11:06

It Fryske Gea yn Bakkefean hâldt snein lamkesdei. De Drintske heideskiep en de krekt berne lamkes steane sintraal. Der binne tal fan aktiviteiten, bern kinne de lamkes aaie, skiep sille skeard wurde en der is in demonstraasje hoe't wol spûn wurdt. Ek is der live muzyk.

De skiepskoai yn Bakkefean is fan 12.00 oant 16.00 oere iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)