Aris yn de play-offs tsjin it Grinzer Donar

18 apr 2015 - 22:37

De basketballers fan Aris nimme it yn de play-offs op tsjin Donar. De ploech út Grins wûn sneontejûn mei 70-65 fan Leiden en einige op it tredde plak yn de basketbal league. Aris spile tsjin it al útskeakele Amsterdam. De Ljouwerters wûnen mei 97-91 en waarden sechsde yn de reguliere kompetysje. Tongersdei is de earste wedstriid yn Grins, twa dagen letter wurdt der spile yn it Kealledykje. Wa't twa kear wint giet fierder yn de play-offs om it kampioenskip fan Nederlân. Den Bosch en Leiden, de nûmers ien en twa, ha de earste omloop frij.

Aris en Donar ha dit seizoen fjouwer kear tsjininoar spile. Trije kear wie Donar fierste sterk (86-54, 97-79 en 80-56). Aris wûn ien kear yn it Kealledykje. Op 16 desimber 2014 waard it 92-86 foar Aris.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)