Romme winst foar kuorballers fan SCO

18 apr 2015 - 17:57

De kuorballers fan SCO pakten sneon in romme 28-18 oerwinning op Amicitia. Op eigen fjild begûn de ploech fan trainer Aegle Frieswijk sterk oan de wedstriid troch fuortendaliks in 4-0 foarsprong te nimmen. By rêst stie der in 15-9 stân op it boerd.

Yn de twadde helte wie de Aldeholtpeaster doelpuntemasine los en rûn SCO út nei 24-15. De gasten út Vriezenveen moasten dêrmei definityf belies jaan, wêrtroch't SCO in romme oerwinning pakte.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)