Wilhelmina wint twadde divyzje op ONFK

18 apr 2015 - 17:30

Op it Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen hat fanfare Wilhelmina út Easterein ûnder lieding fan Pieter Bosma yn de twadde divyzje wûn. Twad waard Crescendo-Ratum út Winterswijk en tred waard CMV Excelsior út Gryptsjerk. It Frysk fanfarefestival wie freed en sneon yn De Lawei yn Drachten.

Yn de tredde divyzje helle Hâld Moed út Easthim it earste plak. It korps stiet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra. Twad waad fanfare De Bazuin fan Stynsgea en muzykferieng Studio fan It Heidenskip waard tred.

Om 18.00 oere begjint de earste divyzje. It ONFK is te folgjen op www.omroplive.nl.

Dit is de lotting foar de earste divyzje:
1. Concordia Meterik û.l.f. Chris Derikx
2. Jouster Fanfare û.l.f. Siemen Hoekstra
3. Monte Corona Kronenberg & Evertsoord û.l.f. Geert Jacobs
4. Kunst Na Arbeid Lunteren û.l.f. Erik Kluin
5. Fanfare Joost Wiersma û.l.f. Ido Gerard Kempenaar
6. CMV De Bazuin Tzummarum û.l.f. Marten Miedema
7. Excelsior Westenholte û.l.f. Marten van der Wal
8. Koninklijke Philharmonie Leende û.l.f. Jac Sniekers
9. Fanfare CWO Groningen û.l.f. Thom Zigterman
10. Fanfare Eendracht Maakt Macht - Oudega (Súdwest Fryslân) û.l.f. Piet Groeneveld

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)