Harkemase Boys lit djoere punten lizze tsjin Staphorst

18 apr 2015 - 16:43

Harkemase Boys liet sneon djoere punten lizze yn de striid om it kampioenskip troch mei 1-1 lyk te spyljen tsjin Staphorst. It publyk op sportpark De Bosk moast lang wachtsje op de iepeningstreffer. Pas yn de 66e minút soarge Robin Huisman de Jong mei in frije traap foar de 1-0. Yn de 72e minút kaam Staphorst lykwols op likense hichte.

De ploech fan trainer Jan Vlap slagge der net mear yn de winnende treffer op it boerd te setten. Troch it lykspul komt Harkemase Boys op 49 punten út 23 wedstriden.

Koprinner DVS '33 kaam net fierder as in 1-1 lykspul tsjin VVOG, mar bliuwt koprinner. Nûmer 3 Excelsior ferspile punten troch mei 2-0 te ferliezen fan ACV.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)