Cambuurspiler Mart Dijkstra giet nei Sparta

18 apr 2015 - 13:54

Fuotballer Mart Dijkstra fan SC Cambuur giet nei Sparta Rotterdam. Hy hat dêr in kontrakt tekene foar trije jier. De 24-jierrige Dijkstra kaam fan Harkemase Boys en hat fjouwer seizoenen by Cambuur spile.

De ferdigener spile mear as 60 wedstriden foar de Ljouwerter klup. Syn kontrakt rûn nei dit seizoen ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)