Plysjeburo's slute twa oeren as protest tsjin útbliuwen CAO

18 apr 2015 - 13:04

Plysjeburo's yn Fryslân sille tongersdei twa oeren ticht foar publyk. Minsken kinne dan gjin oanjefte dwaan. De aksje is in protest tsjin it útbliuwen fan in goede CAO. De buro's binne fan 9 oant 11 oere sletten.

De plysjes binne wol yn it buro, mar dogge dan administratyf wurk. Dat is neffens de fakbûnen lizzen bleaun troch de hege wurkdruk. De plysje is wol berikber foar needhelp.

Trefwurden: 
CAO protest plysjeburo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)