Wurk oan N381 by Easterwâlde leit op skema

18 apr 2015 - 12:47

De wurksumheden oan de N381 tusken Easterwâlde en it Drintske Smilde lizze mei troch it moaie waar op skema. Dat seit provinsjaal projektlieder Anne Meijer. Sûnt freed 18.00 oere is it stik dyk oer acht kilometer ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat.

Sa'n hûndert wurklju binne oant moandeitemoarn 6.00 oere oan it wurk mei de oanlis fan yn totaal tweintich dûkers, eko-passaazjes en faunatunnels. It grutste en meast komplekse wurk is de oanlis fan in fytstunnel by de Kraaiheidepollen yn Appelskea. It wurk oan de dyk moat yn novimber klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)