Plysje trappearret Ljouwerters by himpkwekerij yn Stiens

18 apr 2015 - 10:30

Yn Stiens hat de plysje freedtemoarn fiif minsken oanhâlden yn in hûs oan de Stienzer Hegedyk. Se wienen op dat stuit dwaande mei it knippen fan himptoppen. De fertochten, trije froulju (38, 41 en 60 jier) en twa manlju (53 en 60 jier), komme allegear út Ljouwert. Der stienen goed tûzen planten. Dy binne ferneatige en de apparatuer is yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôftape. Ek fûn de plysje 1.600 euro yn in auto. De plysje docht ûndersyk en sil alle fiif fertochten hearre.

Trefwurden: 
plysje himp Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)