Drankriders yn Ljouwert oanhâlden

18 apr 2015 - 08:39
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon twa drankriders oanhâlden. In 29-jierrige automobilist út Ljouwerter waard oanhâlden op it Ruiterskwartier. De man krige in proses-ferbaal en rydferbod oplein. Dêrneist moat hy him melde foar in kursus by it CBR. In 58-jierrige frou op in snorfyts waard op de Houstersingel trappearre. Har rydbewiis waard ynnaam, se krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan 8 oeren.

(advertinsje)
(advertinsje)