VNG: 'kompensaasje foar gemeenten dy’t asylsikers opfange'

17 apr 2015 - 20:41

Gemeenten dy't útprosedearre asylsikers opfange, moatte finansjeel kompensearre wurde troch it Ryk. Dat fynt de Vereniging Nederlandse Gemeenten, de VNG. It lûd fan de organisaasje wie freed te hearren op in byienkomst yn Ede, dêr't ek de gemeente Ljouwert foar útnoege wie.

De byienkomst wie organisearre fanwege de ûnienigens yn it it kabinet oer de opfang. Neffens de VNG komt it der yn 'e praktyk faak op del dat gemeenten jild stekke moatte yn it oplossen fan akute problemen, wylst dat net har ferantwurdlikens is.

Neist de gemeente Ljouwert wienen ek Enschede en Eindhoven útnoege foar de byienkomst yn Ede, oanfold mei de fjouwer grutte stêden Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utrecht. Ljouwert, Enschede en Eindhoven sitte der by omdat sy al jierrenlang ûnderfining ha mei de opfang fan asylsikers, Ljouwert docht dat út namme fan de Fryske gemeenten.

Neist kompensaasje pleite de VNG by de byienkomst ek foar in sintraal regele opfang fan útprosedearre asylsikers, op in pear plakken yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)