Nij Frysk Lieteboek wurdt útjûn mei bylage

17 apr 2015 - 17:46

It nije Frysk lieteboek sil útjûn wurde mei in bylage. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de útjouwer en in tal auteurs. In tsiental auteurs fan de oarspronklike Nederlânske tsjerkelieten wie it net iens mei de Fryske bewurking dy't der fan harren liet makke is.

Se woene de útjefte en de ferkeap fan it Frysk lieteboek tsjinhâlde. Der binne al 4000 eksimplaren fan printe. Sneon is yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert de presintaasje fan it Frysk Lieteboek.

Dat is krapoan twa jier neidat it nije Lieteboek foar de Protestantske tsjerke yn it Nederlânsk útkaam is. Fyftjin frijwilligers hawwe yn de ôfrûne twa jier, op útnoeging fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, dwaande west mei de Fryske oersettings fan 80 lieten.

Trefwurden: 
Frysk Lieteboek bylage
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)