Learlingen Liudger betinke oplossing foar gefaarlik krúspunt

17 apr 2015 - 17:22

Trije learlingen fan skoallemienskip Liudger yn Drachten hawwe in oplossing betocht foar in gefaarlik krúspunt yn Drachten. It giet om de krusing fan De Kaden mei de Suderdwersfeart. Dêr jildt it shared-space-prinsipe, dat betsjut dat der gjin ferkearsbuorden of stopljochten binne, mar dat fytsers, fuotgongers en autobestjoerders it mei elkoar útsykje moatte.

De learlingen fan it Liudger fine it krúspunt sels ek te gefaarlik. Se ha de gemeente Smellingerlân benadere mei de fraach oft se in oplossing betinke mochten foar de situaasje.

De gemeente gie akkoart. No moandei presintearje de trije jonges har foarstel foar de werynrjochting fan it krúspunt.

Trefwurden: 
Drachten krúspunt oplossing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)