VVV-toeristepunt by Fries Scheepvaartmuseum yn

17 apr 2015 - 15:20

Toeristen yn Súdwest-Fryslân kinne tenei terjochte yn it nije VVV-kantoar yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits. Freedtemiddei hat skipper Douwe Visser fan kampioenskûtsje De Sneker Pan it VVV-punt offisjeel iepene.

Begjin maart waard it âlde kantoar oan de Markstrjitte sletten. Ferskate minsken yn Súdwest-Fryslân hawwe der doe foar soarge dat der dochs in VVV-punt yn Snits bleau. Tweintich frijwilligers binne aktyf op it ynformaasjepunt foar toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)