Plysje springt op 'e nij yn 'e bres foar in bettere CAO

17 apr 2015 - 15:14

De plysje hat freed op 'e nij aksje fierd foar in bettere CAO. Rûnom yn de provinsje setten de plysjes flak foar it middeisoere fiif minuten lang harren sirenes oan.

Foar it gerjochtsgebou yn Ljouwert stiene alve plysje-auto's mei de sirene oan. De plysjefakbûnen prate al skoften mei it ministearje oer in bettere CAO. Earder dizze wike ferbea de rjochter aksjes fan de plysje ûnder de cybertop yn Den Haach.

Trefwurden: 
CAO plysje aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)