Grutte kâns op debút fan keeper Maarten de Fockert tsjin PSV

17 apr 2015 - 14:29

SC Hearrenfean spilet sneontejûn de útwedstriid tsjin PSV. De kâns dat doelman Maarten de Fockert syn debút meitsje sil is grut. Fêste keeper Kristoffer Nordfeldt hat in blessuere oan syn rêch. Pas op it lêste momint sille se dêroer de knoop trochhakke.

De Fockert kaam oan it begjin fan dit seizoen oer fan Feyenoord en hopet al it hiele seizoen op in kâns. Dy liket der no te kommen. By winst fan PSV op Hearrenfean wurdt de ploech út Eindhoven Nederlânsk kampioen.

SC Hearrenfean sil der alles oan dwaan dat feestje foar te kommen, seit trainer Dwight Lodeweges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)