Koarte, fûle keukenbrân yn in flatgebou yn Drachten

17 apr 2015 - 14:19

Yn Drachten hat freed in koarte, fûle keukenbrân west. Yn in appartemint yn in flatgebou oan de Berchleane fleach in itensiedersplaatsje yn 'e brân. De plysje hat it fjoer sels útmakke mei fjouwer brânblusapparaten. De buorlju moasten eefkes harren appartemint út, mar se koene al wer frij gau nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)