Auto fleant oer de kop op it Bûterheidefjild yn Makkingea

17 apr 2015 - 12:14

Op it Bûterheidefjild by Makkingea is freedtemoarn by in iensidich ûngelok in auto oer de kop flein. De bestjoerder wie neffens de plysje oansprekber en siet net beknipe yn syn auto. It is net bekend oft de bestjoerder ferwûne rekke is. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Makkinga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)