Fûgelwachtbûn warskôget neisoargers foar de hazzepest

17 apr 2015 - 11:37

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) warskôget har neisoargers foar de hazzepest. It tal sike en deade hazzen rint neffens de natuerorganisaasje op. It is saak om fan de bisten ôf te bliuwen, seit foarsitter Rendert Algra.

De baktearje dy't de pest oerdraacht kin al fia in iepen plakje op de hûd foar sykte by minsken soargje. It iten fan net goedbakt hazzefleis kin ek de hazzepest trochjaan. Nederlân is it fyfde lân yn Europa dat dizze sykte hat.

Trefwurden: 
BFVW neisoargers hazzepest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)