Spaanske frachtauto klem ûnder fiadukt yn Harns

17 apr 2015 - 11:12

In frachtauto is freedtemoarn fêst kaam te sitten ûnder in fiadukt yn Harns. De wein út Spanje ried himsels klem op it plak dêr't de Kimswerterdyk ûnder de N31 trochgiet. De frachtauto hie blikjes oan board. De sjauffeur is ûndersocht troch meiwurkers fan in sike-auto. Neffens de earste melding is er der goed foarwei kaam.

It ferkear kin stadich om de klemsittende frachtauto hinne. Bussen fan Arriva hawwe ek lêst fan it ûngelok. In pear ritten fan 'e moarn binne ferfallen, se meldt Arriva op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)