Auto op 'e kop yn 'e sleat by Damwâld

17 apr 2015 - 09:03

Twa minsken binne tongersdeitenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de Haadwei by Damwâld. De 30-jierrige bestjoerder út Damwâld rekke by it ynheljen fan in oare auto yn de linkerberm en ferlear de macht oer it stjoer.

De auto skeat oer de dyk en kaam oan de oare kant op de kop yn de sleat telâne. Tsjûgen hawwe de bestjoerder en in ynsittende út de auto helle. Se binne dernei nei it sikehûs brocht. De plysje hat in bloedproef fan de bestjoerder ôfnaam om't se him derfan fertinke dat hy mei drank op efter it stjoer siet.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)