Museum Belvédère keapet nije Jan Mankes oan

It oankochte skilderij 'Vogelnestje met groene eitjes'
Museum Belvédère yn Oranjewâld hat in nij skilderij fan Jan Mankes oankocht. It giet om it wurk 'Vogelnestje met groene eitjes.' Mankes is ien fan de wichtichste keunstners fan wa't wurk yn it museum hinget. Hy skildere in soad yn de omkriten fan De Knipe, flakby wêr't it museum stiet.
De nije oanwinst is fan sneon ôf te sjen yn de jubileumtentoanstelling yn it ramt fan it 10-jierrich bestean fan it museum.