Fryske natoernammen opsykje mei taalpeal yn Natoermuseum

It Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert krijt in Fryske taalpeal. Besikers fan it museum kinne yn de dêr oersettings yn opsykje fan wurden dy't wat mei natoer te krijen hawwe. De Afûk hat dêrfoar 3000 oersettings oanlevere.
Leafhawwers kinne der ek nei Fryske natoerfilmkes sjen of boekjes lêze. It doel is om besikers yn 'e kunde te bringen mei it Frysk. It museum wol ek sjen litte dat Fryslân in meartalige provinsje is. Direkteur Gerk Koopmans fan it Natoermuseum hopet dat ek oare musea it foarbyld folgje sille.
Frysk Twadde Keamerlid Lutz Jacobi sil de taalpeal yn it Natoermuseum freed offisjeel iepenje.